Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Deastraf

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Unskuldich dreau er yn de sleat,
hie my net yn de gaten
wylst er iet syn iere brochje.

’t Gie yn my om: wat wie ferkeard
oan ’t bist dat se him haten…
om’t syn lange sturt net rjocht wie?

It sporten siet him yn it bloed:
in sturtswaai om te dûken,
mear as ien om rap te swimmen.

’t Gie yn my om: wat wie net goed
oan ’t bist dat se him lûke
woene yn de stielen fûke?

Nei ’t brochje dreau er nei de wâl
foar noch in sport, it graven,
want yn modder koed er trimme.

’t Gie yn my om: wie dit dan mâl
foar ’t bist? Hy koe net drave,
dan de poaten sa mar brûke.

Mar skuldich wied er, hie net leard
dat minsken gravers haatsje,
dus de deastraf nei syn brochje.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum