Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De nije skepping

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Dy snein-te-moarn wie it lang dizich
as hie de skepping noch net west
om kleur te jaan oan d’ Iv’ge Leane,
dy’t yn de ivichheid noch grizich
fersonken lei, fan tiid net wist,
mar doe, ynienen, dêr ferriisde
it byld fan Adam út ‘e mist,
syn scooter by de hikke wiisde
it paad, de minske by it bist,
hy dy’t der al sa lang fan griisde
dat inkeld noch in feale rest
wie foar de bisten yn de greide,
as hie de skepping noch net west,
mar mei’t syn hân de bôle lei dêr’t
it roppich fee it rikke koe,
begûn út mist wei foar dy beide
de nije skepping yn de Leane
yn alle ivichheid beslist
dat Adam is der foar it bist.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum