Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bolwurk fan de Hear

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De mannebruorren, rjocht fan lear,
ferkeazen ’t Bolwurk foar de bou
fan ’t beahûs foar de eigen Hear,
in bolwurk fan har hou en trou.

Zij waren volhardende
in de leer der Apostelen
en in de gemeenschap
en in de breking des broods.

Image

Mar sjoch, hoe’t tiden hawwe tiden:
jongebruorren, rjocht fan lea,
ferkieze yn mienskiplik striden
brokken postmoderne bea.

Sy sitte fol mei hurde wurden,
skreauwe kleuren foar it ljocht,
de kwasten brûke se as swurden,
strike krom wat wie earst rjocht.

De bôlen binne grouwe stiennen
foar it brekken fan it rút,
it lûd is sterker as foarhinne.
‘Lit ús drinke ta beslút.’

Image

De bruorresusters fan kultuer
ferkeazen ’t bolwurk fan de Hear
foar keunst dy’t útgiet boppe kuer
en kitsch, wol rjocht yn Snitser lear.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum