Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bliuwend hôf

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It soe bliuwend wêze,
Edens hôf mei ’t wite hûs,
de takomst soe de skiednis
lêze, leaten by de rûs.

Mar de beammen foelen
mei de fruchten op ‘e grûn,
de skiednis sûnder takomst
wie tsjin ’t neare no oan rûn.

Image

Grave nei ’t ferline
wie foargoed ferline tiid,
de gatten liken grêven,
fold mei liken út ‘e striid.

Lykwols sil ferrize
op it plak fan Edens hôf
de nije Babelhichte,
foar god Mammon alle lof.

Wat bliuwend wêze sil,
leit fierder op in hichte:
’t joadske hôf dêr stichte
tusken beammen, rûzjend stil.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum