Trije krieën sieten op ‘e rige
boppe ’t boerd fan RCN,
se moasten suver skilich sjen
foardat se ’t plaatsje yn de gaten krigen.
De linkse like ’t plak wol gaadlik
tusken bosk en wetter yn,
yn lúkse siet lykwols ’t fenyn,
as sosjalist fersmiet er ’t dalik.
De rjochtse rjochte him op ’t frije
fan fierhinne hiel syn aard,
sa’n wente stie foar him yn ’t skaad
fan ’t liberale mear te krijen.
De beide ha de wjukken nommen
nei wêrhinne wist hy net
dy’t tusken in kastiel en flat
wol fielde foar ’t gewoane romme.
Trije krieën sieten oeren letter
op ‘e leuning fan in bank,
se makken, stank foar tank,
in eigen billboard fan har wite wetter.
|