Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de Jousterslûs

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik sjoch him yn de fierte lizzen:
de Jousterslûs mei iepen doarren
om nei ’t ferline troch te farren,
lit de ballade it mar sizze.

Image

Wat hat in ridder mear te winskjen
as syn sterk kastiel yn ’t wide fjild
dat frij is fan in smite minsken
én dat as it hôf fan Eden fielt.

Dat maitiids optilt fan de fûgels,
sjongend fan de hege ridderear
en aaien sjittend, teare kûgels
dy’t er hoeden heint as Edens hear.

Dat simmers as in wankend beaken
skippen fierder wiist nei ’t silersoard,
de skoaten oan, de liven neaken,
ridders eagen farre mei oan board.

Image

Dat hjerstmis sjocht de fijân kommen,
hege weagen… smyt de poarten ticht!
De ridder sykhellet ferromme,
want de reade lampe docht syn plicht.

Dat winters rekket isolearre
mei ’t wiskjend wapen fan de snie,
gjin oanfal kin it sin bedjerre,
want de útfal is de bêste die.

Ik sjoch him achter my ferdwinen,
de Jousterslûs yn nije gloarje,
gjin grut kastiel en gjin fiktoarje,
want lytser as yn it ferline.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum