Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de dizige fisker

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Al wer in snein, mar diskear yn de dize,
dat de wrâld lei fierder wei,
hoewol’t in fisker wie my nei
sa’t hy dêr siet yn meditaasje.

Wa soe sa’n man dan noch it sneinspaad wize,
wat foar wei dat wêze mocht,
hy siet dêr djipper as ik tocht,
wylst foer in sierlik skip mei faasje…

… op him ta, mar hy bleau op syn eigen wize
sitten, stoarjend nei it wiet
sa’t dat by meditaasje giet,
gjin each foar de antike graasje.

De skippersfrou stie op it dek, tocht ik, te sjongen,
mar dat wie it oanlispraat,
se hie it foarste tou paraat
en frege: ‘Ha jo al wat fongen?’

Image

It gie oan him foarby, ’t siet djipper as wy tochten
hoe’t er fiske dêr op snein,
hie noch gjin wiis of stom wurd sein,
wylst yn it easten ’t swurk al ljochte.

It skip lei fêst, ik seach it wie in nije skokker,
hearde wat oer tsjerklik Sneek
en dat se woene nei de preek.
Hy sei: ‘It wurdt hjir hieltyd drokker.’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum