By gelegenheid fan in lêzing
oer kristologyen yn de tsjerke
fan Itens op 29 septimber 2005
Hy wie autochtoan yn Israel,
hie rjocht op brea en dronk de wyn
op wa’t him leaf wie troch de tiid,
fan hjoed de dei oant lang ferlyn,
yn eigen lân, de grinzen oer,
in polyreizger wiid en siid.
Hy wie allochtoan yn Ingelân
en dronk de wyn út gouden graal,
kaam ek yn Frankryk mei de tiid,
brocht oan katharen syn ferhaal,
mar syn ferbliuw yn Yndia
ferrûn net sûnder bruorrestriid.
Hy wie letter geastlik astronaut,
bereizge ’t ivige hielal
en seinde troch wêr’t er foar stie,
wol hûndert evangeeljes fol,
it Fryske Itens krige ’t troch:
se sizze dat it Jezus wie.
|