By gelegenheid fan de tsjerketsjinst
fan 23 oktober 2005 yn Itens
It is de fraach oan elkenien:
dyn namme of identiteit,
wat dochst of hasto earder dien,
wêrsto foar stiest of wat dy leit.
It is de fraach, de ieuwen troch:
wa wiesto doe en bisto no?
Syn lângenoat Chagall sei: ‘Sjoch’
en skildere it rampekrús
mei him deroan, de wrâld yn need,
it minskdom flechtsjend, sûnder thús,
mar Grünewald wie soks te bleek,
de kleuren spatten fan syn kwast:
oranje bol en read it kleed,
omheech, de himel grien fan streek,
de minske fan de dea ferlost,
dêr stie er, tritich meter heech,
fan hurd granyt en seach de baai
fan Rio de Janeiro oer,
de earms wiidút en wat er sei,
wie: ‘Dit bin ik, allyk in toer’,
mar foar guon ieuwen noch te leech,
dy setten him yn ’t grut hielal
as pantokrator, himelheech,
de alleshearsker op ‘e bol.
De fraach is hjoed wat seit de wet,
jo paspoart of jo rydbewiis,
J. Kristus, wenplak Nazareth,
ik ha it sjoen, jo ride griis. |