september 19, 2024
fan Frans van Mieris*
De slak op stien, de flinter op klimop,
hy draacht syn hûs hiel stadich mei,
sy rêst in skoft fan ’t wjukjen út,
mar sil dêrnei wer fierder fleane,
klimmend nei de top.
Hy skôget al in oere ’t libben oer,
dat muzikaal mei fleur begûn,
hy seach mei langstme dernei út
hoe’t syn fioele wjukke nei de
top mei him as stjoer.
No leit it ynstrumint op hurde stien,
dy’t kâldwei him de wierheid seit:
mei stive fingers is it út,
as slak hâldsto gjin wize, hâld mar
op, mei dy is ’t dien.
Hy nimt in slok, dêrnei ek in garnaal,
sa tusken slak en flinter yn
fertelt er skôgjend syn ferhaal.
* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘De âlde fioelespiler’
november 14, 2024
november 7, 2024