Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Trochgong

Keunst
PDF Print E-mail
fan Kitty Lange Kielland*

Image

As de dei de nacht trochgiet,
dan libbet alles as in hert
en sjongt de wyn it griene liet
fan fluch feroaring gjin ferlet.

Pompeblêden lizze fêst
en heine ’t ljocht fan hiel de nacht,
ha gjin gefoel foar earst en lêst
en nimme ’t sliepen net yn acht.

Bergen rize klearder op
mei nacht en dei as dûbelbyld
fan djip gefoel nei hege top,
dêrtusken is de simmer myld.

As de nacht de dei trochgiet,
is alle libben lang al wei
en gûlend sjongt de wyn it liet
fan langstme nei in ommeswaai.

* Kitty Lange Kielland (1843-1914)
Skilderij ‘Simmernacht’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum