| fan Friso ten Holt* fan Rembrandt**
 
 Wat bestean is sûnder striid?
 It slacht him swaaiend troch de tiid.
 
 Friso’s striid op grut formaat:hoe hold er lykwicht yn ’t gefjocht;
 hy fûn yn Jakob wat er socht,
 beskôge him as libbensmaat.
 Jakob kaam by grinsrivierde Jabbok, breder as er tocht,
 it like by it lêste ljocht
 dat trochgean koe, mar ’t wie te ier.
 Syn bestean rûn út op striidmei ’t wite út ‘e hichte wei,
 de nacht ferrûn en mei in swaai
 waard hy belutsen by de tiid.
 Ingeltiid rint troch ’t besteanfan elk dy’t nimt de stream yn acht,
 in stopplak, striid djip yn de nacht
 en yn de moarntiid fierder gean.
 
 * Friso ten Holt (1921-?)wurke as skilder yn Amsterdam.
 Syn keunst waard yn Ingelân
 heger wurdearre as yn syn bertelân.
 Skilderij ‘Jakob yn gefjocht mei de ingel’
 (264 x 294 sm.)
 * Rembrandt (1606-1669)Skilderij ‘Jakob wrakselet mei de ingel’
 
 |