fan George Hendrik Breitner*
De sjarzje hat in protte sân opwaaid,
de dynamyk fan minske, dier en grûn,
de sjarzje hat ek stof opwaaid
troch wat de kritikus fan ’t keunstwurk fûn:
de hynders binne setten sûnder streek,
de ruters hawwe gjin gesicht,
dy manko’s sjocht sels wol in leek,
dus, skilder doch dyn plicht!
De sjarzje is wol trije meter breed,
gjin keunstbegryp kin tsjin dy mjitte op,
de sjarzje, like lang as breed,
wie foar Vincent van Gogh in folle flop:
’t gehiel komt oer as wie ’t mystyk,
de ruters út apokalyps,
in bange dream fan gjin ûntwyk,
dus skilder, hear nei tips!
Sjoch hjir de hynders, fjurrich en mei gong,
en harkje nei it dreunend hoevelûd,
de ruters, lang huzaar al, jong
fan hert en flitsend fluch fan hân en foet,
sy folgje ’t blaffen fan de kolonel,
links út ‘e flank, it sân waait op,
de dynamyk fan alles fel,
huzaren, heech it krop!
* George Hendrik Breitner (1857-1923),
in ympressionistyske skilder,
tekene yn syn jeugd al oarlochstafrielen.
Dit skilderij hat de ôfmjittings fan
300 by 100 sintimeter. |