| fan Adam Elsheimer* 
 It skip mei Rome as bestimmingslacht brutsen tsjin de rotsen oan,
 mar ’t is noch lang net moarn,
 benearjend is de stimming.
 It rêden folk is bot ferklommeen hinget op de wiete brot,
 yn ’t neaken is it lot
 fan dy’t út gaos komme.
 Helpfeardich slepe de Maltezenfoar fjoer en mage brânstof oan,
 want ’t is noch lang net moarn
 foar ’t folk folslein ferwezen.
 Ien hat lykwols gjin lege holle,jout moed en tûken foar it fjoer,
 mar ’t lijen is net oer,
 it glydt nei fierste folle.
 In njirre kronkelet út ‘e tûkenen falt de pols fan Paulus oan,
 it is noch lang net moarn,
 de dea kin him wol brûke.
 Hy skoddet wol, mar net fan ’t lijen:de njirre krijt in fjurrich lot,
 gjin slang of mins is god,
 sjedêr de moarn, in nije.
 * Adam Elsheimer (sirka 1578-1610)waard berne yn Frankfurt.
 Hoewol’t er faak depressyf wie,
 stie er bekend as de skilder
 fan it ljocht.
 
 |