fan Arent de Gelder*
De Gelders atelier in foddesaak?
Hoe koene se it sizze?
Wis, it wiene allegearre klean
en kleden, brûkber foar syn taak,
om oan te dwaan of op te lizzen.
De skilder joech God sels de gouden doek
mei ’t wyt der strieljend ûnder,
beide ingels krigen sljochter klean
en Abraham, hy seach temûk
yn hoedersplunje nei it wûnder.
God hie de lieding by it godlik miel
en liet it net by iten:
‘Gasthear, hjoed hasto gastfrijens bean,
mar ’t nije libben wurdt dyn diel,
in soan, lit dat dyn frou ek wite.’
Gjin kleden út De Gelders atelier,
al soene se ek blinke,
koene trochgean foar de frouljusklean,
want Sara lake lûd har nee:
‘Lit ús mar op myn leeftyd drinke!’
* Arent de Gelder (1645-1727)
wie de lêste learling fan Rembrandt.
Op in feiling yn Pecq by Parys
waard dit skilderij oansjoen
foar in Rembrandt. |