fan Ary Scheffer*
Se neamden him in wûnderbern
dat op in snein de kleuren seach
fan heit en mem har skilderslibben:
foar syn eigen foarmen hied er each,
’t portret wie dat wol oan te sjen.
Hy joech himsels mei iepen moed
in ljochtstream dy’t diagonaal
syn jonge gong troch ’t libben sketste;
losse toetsen brochten syn ferhaal
oan ’t ljocht, sa hat er ’t doek beroerd.
Syn gong wie nei de stêd fan ’t ljocht
foar rom om mannich los portret,
sa waard er skilder fan de sielen;
letter hat er him ta drama’s set,
wat swierte yn syn streken brocht.
* Arie Scheffer (1795-1858)
seach it libbensljocht
yn in keunstsinnich fermidden:
syn âlden skilderen beide.
Yn 1811 emigrearre er nei Parys,
dêr’t er ferneamde keunstners
portrettearre, û.o. de skriuwers
Dickens en Toergenjew.
Goethe neamde Scheffer
de skilder fan sielen.
|