Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Liet fan de wettergeast

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ernst Josephson*

Image

Näcken is syn bleate namme,
dy’t wol klinkt yn ’t klotsen fan it wiet,
opnommen yn ’t naargeastich liet,
hy sjongt it ûnbeskamme.

Oars is ’t spul fan syn fioele,
dy’t bespilet yn de mins de snaar
fan syn gefoel, alhiel net naar,
mar ’t bringt him op ‘e doele.

Wetter soe sa útkomst biede
út ‘e waan fan altyd mar bestean,
dan is it doel deryn te gean,
hawar, de geast sil liede.

* Ernst Josephson (1851-1906)
libbe sels mei wanen
Skilderij ‘De wettergeast’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum