november 12, 2016
fan Donatello*
Hjir stean ik dan, ik ha it rêden, neaken, mar mei eare klaaid, begûn as sljochte hoedersjonge, dy’t in liuw de wierheid sei, om dêrnei foar de skiep te sjongen; roppen út it fjild troch de profeet, dy’t keningsoalje oer my geat; ik wie noch jong en ûnbefongen, mar seach it leger al yn need, it gie dêr op ‘e kop ferkeard troch Goliat syn flokkend bearen, wat my rekke yn it moed; in stien is yn syn harsens slein, sa koe ‘k it needlot keare; mei syn eigen swurd ha ik foargoed de rûge reus de wierheid sein; hjir stean ik dan, ik ha it rêden dat de kweamacht ûnder leit. Hjir stean ik dan as wie ‘k fertrêde, * Donatello (1386-1466) |
januari 9, 2025
januari 2, 2025