Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hieronymus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Antonie van Dijck*

Image

Hieronymus, hearremyt
dy’t foar de Heare libbe yn in sel,
hie foar de kjeld it reade kleed
en yn de waarmte syn bleat fel,
want it bestean wie like lang as breed.

De skepping wie de breedte fan de wrâld
dy’t seis kear foar syn eagen iepengie,
doe fûn er de ferwûne liuw
dêr’t hy as minske god foar wie,
it sûne bist foar him de geast, de driuw.

De boekrol wie de langte fan it wurd
dy’t rôle fan de skepping nei it slot,
de iepenbiering fan wat wie
en is en komt, úteinlik God,
mar foar dy tiid ferwachte hy noch rie.

In wjukjend lûd kaam út ‘e hichte wei
en op it skouder fielde hy in hân,
de oare joech de pinne oan:
‘Skriuw op de tekst fan ’t Heitelân,
as hearremyt fan hjoed wurdst moarn Gods soan.’

* Antonie van Dijck (1599-1641)
wie al op syn alfde jier skilderslearling,
hie acht jier letter in eigen atelier
en waard meiwurker fan Rubens.


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum