Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Helena’s fisioen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Paolo Veronese*

Image

Se fûn it foel net ta
om mem te wêzen fan de keizer,
in krús dat swier lei op har hert,
want wapens mijden keizers net,
ek Rome hearske sa.

Se slomme efkes wei,
de holle ticht by ’t iepen finster
wylst ingels kamen by har thús,
de hannen om it lichte krús,
’t wie midden op ‘e dei.

Se woe it sa net ha
en fleach troch ’t finster mei de ingels
oer Rome, bergen, see en lân,
doe seach se yn it reade sân
in gat op Golgota.

Se naam it pealgat mei
dêr’t beide ingels ’t krús yn planten
dat bloeide as har ljochtskyn hert
nêst Konstantijn syn kristenwet
dêr’t Rome goed fan sei.

* Paolo Veronese (1528-1588)
woe earst byldhouwer wurde,
mar hie letter yn Fenetië
in skildersatelier.
Hy waard yn syn tiid beskôge
as ien fan de belangrykste skilders.   

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum