november 14, 2024
fan Rembrandt*
Gjin minske is de oare,
bliuwt yn wêzen oan himsels gelyk,
al litte eagen sjen wat
omgiet yn syn inerlik,
dochs is hy net feroare
fan identiteit, hy sjocht
de wrâld oan as in iepen boek;
út it skaad wei nei it ljocht
rint hy dy yn de mjitte
om te bringen op it doek,
sa’t hy gjin ljocht sjocht sûnder
skaad, gjin dei is sûnder nacht
as teken fan ellinde
dy’t benearet wa’t der each
foar hat, dan lûkt in skaad
oer it gesicht, in fronseljende
eachopslach, ek nei syn aard
as him de wrâld net sinniget
en hy it net mear sitten sjocht,
dan streket er foar wûnder
út himsels wei skaad en ljocht.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Selsportret’
Ets ‘Selsportret, fronseljend’
november 7, 2024
november 2, 2024