fan Vincent van Gogh*
Hy hie Parys ferlitten,
wie nei ’t soele suden gien,
it ljochte yn de mjitte,
kleuren lang te lien.
Syn eagen rekken dronken
fan it weagjen fan de see
en boaten dy’t dêr pronken,
ivich libjend stee.
De dei wie amper wekker,
fjouwer boaten dreamden noch
fan skilders streekjend gekker,
ien dêrfan Van Gogh.
Hy streke fluch en feardich
alle boaten as in diel
fan him en like weardich
as syn eigen siel.
Sa wie gjin boat in leagen,
wol foar him in heech idoal,
want wat syn eagen seagen,
makke hy symboal.
De dingen waarden freonen
oan de Middellânske See
dy’t him ta aksje dreaune:
kleurich Amitié.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
reizge yn 1888 nei Arles
yn it suden fan Frankryk,
dêr’t er ûnder de yndruk
kaam fan it ljocht. |