fan Johannes Vermeer*
Hy hie in swak foar fammen,
fielde him as man en skilder sterk
en liet de kleuren sprekke fan de jerk,
sa hat er dûbel flamme.
Hy liet har rimpen keare,
dat se kipe nei him wat ferheard,
de fearrehoed joech har gesicht it read
fan sa fersier ik hearen.
Sy wie foar him de pearel,
dat mystearje út in oare wrâld,
har wêzen spriek him oan yn mannichfâld,
ek as in âlde kearel.
* Johannes Vermeer (1632-1675)
wie by syn libben allinnich bekend
yn de eigen omkriten.
Syn skildertechniken, foaral dy fan
it ljocht, ynspirearren oare skilders.
Skilderij ‘It famke mei de reade hoed’
Skilderij ‘It famke mei de pearel’
|