fan Jean-Siméon Chardin*
fan Jean-Baptiste Greuze**
It wie har feest, de jierdei,
dat se rûn grutsk yn har moaiste jurk
mei yn de hannen it kado;
se balle al de hiele middei,
mar heit hie ’t drok, hy wie oan ’t wurk.
Mem hie wat pineholle
en it wie noch wol har moaiste dei
mei ’t winske slachspul as kado;
se telde, ’t wie har nea tefolle,
mar heit hie ’t drok, sy seach wêrmei.
Heit wist wol wat te meitsjen,
stimde by it ear doe snaar nei snaar,
it wie syn aldermoaist kado,
mar wêrom soed er dan net laitsje…
hy hie ’t te drok mei syn gitaar.
* Jean-Siméon Chardin (1699-1779)
waard yn syn tiid beskôge
as in sentimintalist fanwege
syn ienfâldige ûnderwerpen.
* Jean-Baptiste Greuze (1725-1805)
skildere ‘De gitarist’ op it hichtepunt
fan syn karriêre.
|