fan Vincenzo Foppa*
Sebastiaan, it is miskien net aardich,
mar se ha dyn libben ris beskreaun
en neamden dy doe stikelbaarch.
Wat jierren letter, yn de Renaissance,
ha se fan dyn neaken lichem preaun
en krigest as model de krânse.
Dyn eigen folk hat dy ta wapen makke,
kristenpylk yn ’t Gryksk-Romeinske lichem dreaun;
wa is de sterke, wa de swakke?
Do silst mar in gewoane puber wêze
en god Diocletianus jout befel
om dy fan ’t leauwen te genêzen.
’t Resept: de pylken fan de bôgesjitter,
flitsend en dan boarjend troch dyn jongesfel,
mar fynst it medisyn echt bitter?
Dyn rjochterear heint lûden út ‘e fierte
fan in wolk, do witst, dyn plak is net de hel:
de palm sil yn dyn siele sjitte.
Wol frjemd dat hjoed de dei
de moslimterrorist
mei bomklap op it fel
gjin ierdske hertslach mist,
foarbyfljocht oan de hel
en fynt de himelwei.
* Vincenzo Foppa wie in skilder út Noard-Italië
dy’t in atelier hie mei in skoalle fan learlingen.
Om’t Sebastiaan berne wêze soe yn Milaan,
waard er foaral yn Noard-Italië as martler fereare.
Vincenzo Foppa krige dêrom faak opdrachten
om him te skilderjen. Dat liet er meastal oer
oan ien fan syn learlingen. Nei alle gedachten
is ek dit skilderij net troch himsels makke.
|