Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Boskbrân

Keunst
PDF Print E-mail
fan Piero di Cosimo*)

Image

It linker each lûkt nei it hôf fan Eden,
’t rjochter nei de minske, Adams flecht,
mar beide jouwe grif de wiere reden:
swarte wolken reek as stjerrend echt.

Gjin inkeld wurd oer fjoer yn ’t hôf fan Eden
of wie ’t reek, grimmitigens fan God?
Gjin stream dy’t holp, gjin wetter of gebeden,
rikjend dreau Hy út, har ierdske lot.

Seach Cosimo it paradys op ierde
by Florence, stêd fan Dantes hel,
dêr’t alle sûnders nei de djipte glieden,
fjoer dat friet troch fearren, hûd en fel?

As iepenbiering yn de lêste dagen
dat de ierde stiet yn fjoer en flam,
wannear’t it Adamsfolk stelt loaze fragen
oer de jiske fan de lêste stam?

Wolnee, Piero de clown mei tûzen fiten
kleure troch syn fantasy it doek,
sa koed er paradys en eintiid slite,
karnaval as fjurrich bibelboek.

* Piero di Cosimo (sirka 1462-1521)
wie in skilder út Florence,
dy’t ek bekend wie troch syn fantastyske
útfinings foar it karnaval.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum