fan Jan van Huysum*
Hy miste noch in giele roas
en drippen fan de dau,
dus stjoerde hy de boade
gau derút foar dei en dau,
want binnen kin ’t net oars.
Hy lit de blommen sjonge ’t liet
fan sjoch en rûk ús fleur
op allerhande toanen,
kleare komposysje dy’t
’t gefoel tilt nei majeur.
Wylst Bacchus boartet op ‘e faas,
stiet Floara op har stik
om ’t stik te dirigearjen,
binnen klinkt de tiid syn tik,
de keunst is hjir de baas.
Mar ûnder wolken stiet it oars,
dêr streamt it troch it grien
as ’t liet fan ivich rûzjen,
wylst de floara klapt as ien
op ’t ritme fan de roas.
* Jan van Huysum (1682-1749),
dy’t syn oplieding krige
fan heit Justus van Huysum,
wie in skilder fan stillibbens.
|