fan Richard van der Spek*
Dêr binne se, de hearen fan de macht,
de kening, biskop, generaal,
de lege koppen dy’t it witte,
kinne telle, mar net fierder as oant acht,
sy geane mei de swakken oan de haal,
net fierder as wa’t sy it wurk dwaan litte.
Dêr stiet er, ien, twa, trije, fjouwer… acht,
de seinehâlder foar it krús
mei heakken, fielt him dêrby thús
en hat folslein it meanen yn de macht.
Sjedêr, de hearen fan de BKR,
ferdielers fan subsydzjejild,
dy’t earme keunstners lije litte,
sprekke inkeld ’t fonnis út: ‘Hy is gjin stjer,
telt amper mei op ’t grutte keunstnersfjild,
gjin stipe foar syn wurk, dat moat er witte.’
Dêr stiet er mei de skerpe seine klear
om neffens ’t fonnis ta te slaan,
de honger alle kâns te jaan
oant listen ha gjin kleure doeken mear.
* Richard van der Spek (1946-…)
seach it skilderjen fan syn heit ôf.
Nei’t er ‘BKR-Syndroom’ by de BKR-kommisje
(Byldzjende Keunstners Regeling) ynlevere hie,
krige er gjin subsydzje mear. |