Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Apostel Paulus

Keunst
PDF Print E-mail
Image

Do strider fan de Hear,
dêr stiesto rûch en grut;
fertel ús fan dyn lear
en wat der fan dy wurdt.

Ik draach it boek troch gea en stêd
mei Kristus as it libben Wurd,
myn mûle ken gjin slot of blêd,
dêrom de oare hân mei ’t swurd.

Yn Rome kom ik finzen oan,
dochs hâldt de mûle him net stil;
se wolle ha, ’t sil heve moarn:
ûnthalze neffens keizers wil.

Apostel Gerbrandy

Image

Do strider foar it lân,
dêr stiesto lyts en keal.
Wat hast dêr yn de hân?
Jou fan dyn krêft in steal.

Ik striid foar keningin en lân
yn Ingelân mei knots en hoed
en kom werom yn ’t heitelân
mei fêste hals en sûnder bloed.

It byldsje fan de apostel Paulus
is tusken 1455 en 1465 makke
troch in ûnbekende byldhouwer.
It is fan kalkstien en hat in hichte
fan 67 sintimeter.

It byld fan Gerbrandy, premier fan
it Nederlânske regear
yn de Twadde Wrâldoarloch,
stiet op it Skiepmerkplein yn Snits.
It waard yn 1976
troch keninginne Juliana ûntbleate.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum