fan Izaak Nicolai Swanenburgh*
Leien, stêd fan grutte hichte,
dêr’t se rotten ieten as har brea
fanwege honger nei in frij bestean,
hat wolfeart wûn troch wurk en bea,
belibbe lykwols ek de lichte.
Leien makke ’t swiere lekken,
hege kwaliteit út Ingelsk wol,
mar dizze wolfeart hie gjin lang bestean:
de âlde frou har tiid wie fol,
se seach de stedsfaam yn de nekke.
Tiid brocht doe it lichte lekken,
swierich woe se ’t om de heupen ha,
symboalysk foar in fleurich, ryk bestean,
de stedsfaam stiek de hân har ta,
dat Leien koe de wolfeart rekke.
* Izaak Nicolai Swanenburgh (1538-1614)
waard berne yn Leien, wie in perioade
boargemaster fan dy stêd en stoar dêr ek.
Yn 1594 krige er fan it stedsregear
de opdracht om sân grutte panielen
te skilderjen, dêr’t ‘De stedsfaam mei
de Alde en Nije Nearing’ ien fan is.
|