oktober 15, 2025

fan ûnbekend*
Kin in fisker mear genietsje
as allinnich fan syn koark
dy’t op it kleare wetter driuwt?
Wol wis, want hy genietet ek
wannear’t de koark ferdwynt,
it topke fan de angel bûcht,
it skepnet swier wurdt fan
in iel, in snoek of in forel,
dan fielt er him de fiskerman.
Kin de fiskerman genietsje
mear noch as fan inkeld fisk
dy’t net yn ’t kleare wetter bliuwt,
mar troch him op it drûge komt?
Wol nee, hy sjocht net nei
de bergen, kontrastearjend mei
it wetter fan de flakke mar,
lykas de fisk is hy dêr blyn
foar, want de angel is syn kar.
* Foto ‘Forggensee yn Beieren, Dútslân’
augustus 12, 2025

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Wat yn de rin fan iuwen foarme is,
de rûge kust, mar ek it eilân,
freegje om beskerming
yn it ramt fan ’t nasjonale park,
gewurde litte is dêrfoar it ark.
It park lit sa ek bloeie it koraal,
beskermet ek ’t koraal dat op it
eilân erodearret;
yn it ramt fan ’t nasjonale park:
lit bloei en dea gewurde as it ark.
Noch springt yn ’t park in libbene fossyl:
’t amamiknyn  dat troch de iuwen
hinne yn libben bliuwe
koe, lit hjoed de dei ’t Amami-park
foar ’t knyntsje wêze ’t nasjonale ark.
* Foto ‘Amamipark yn Japan’
** Foto ‘Amamiknyn’
