februari 27, 2026

fan ûnbekend*
In ingel spriedt har grutte wjukken,
kin dan alle kanten út
om de tiding oer te bringen
dat it grutte út it lytse sprút.
De ingel sprute út in ikel,
groeide stadich nei de loft,
sprate breedút lange tûken,
’t duorre justjes langer as in skoft.
’t Ferhaal giet dat er fyftjinhûndert
jier al libbet mei ’t ferhaal
dat gjin stoarm it fan him winne
sil, in ingel sprekt yn âlde taal.
Sels Hugo, de orkaan dy’t raasde
troch syn tûken, kriich him net
yn syn greep, in blide tiding:
Michael, de ingel, hat it ret.
* Foto ‘Ingeliik yn Súd-Karolina’
februari 3, 2026

fan ûnbekend*
De kleuren sprekke waarmte út:
‘Lit jimme, keunstners, ynspirearje
troch de baai fan skilder George,
dy’t tsjinnet as in spegel
foar it eilân yn de hjerst,
jim sille grif de pracht wurdearje.’
De keunstners fan it kollektyf,
de groep fan sân liet fan him sprekke:
‘George, wy binne ’t mei dy iens,
lit ús beskermje dizze
baai, syn pracht foldocht ús skoan,
wy sille hjir ús tiid ynstekke.’
Sy stieken mei elkoar de baai
oer, ’t eilân fan de keunst dêr lieten
sy har ynspirearje troch
de stilte om har hinne
dy’t har oanspriek mei in pracht
dêr’t sy as keunstners fan genieten.
* Foto ‘Georgian Bay yn Ontario, Canada’