Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Kening Loadewyk*

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1965

Image

Syn namme is fan keninklik komôf,
hy hearske as in Loadewyk
op ’t Fryske wetter, wiid of nau,
oerlibbe revolúsjes
yn syn eigen skûtsjeryk.

Hy stiek syn nekke foar it silen út
doe’t seilen strieken yn de striid
mei motors, naam in resolút
beslút, syn revolúsje:
skûtsjes yn de sponsortiid.

Image

De skipper sylde seis jier foar de FAS**,
foar timmerlju mei stielen hert,
in striidber rinkeljende kas,
yn Loadewyk fidúsje,
alles regele by wet.

It doarp Langwar hie him wol sitten sjoen
as kening op syn helmhouttroan
en hat him it fertrouwen jûn;
sa hearske de yllúzje
fan de swan mei gouden kroan.

Image

* Lodewijk Meeter
** Friese Aannemers Sociëteit


admin

‘Soli Deo Gloria’ op aventoer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1965

Dêr leit de ‘Soli Deo Gloria’,
oan God de ear foar dizze romp,
mar as it skûtsjesilen komt,
dan klinkt it halleluja!

Image

Ald-skipper Piter Visser sylde mei
it skûtsje as de duvel hurd,
dat skipper Van der Meulen sei:
‘Dan traapje ik him op ‘e sturt!’

Sa song dy kampioen it ‘Gloria’
doe’t hy de romp sa inkeld kocht
foar ’t skûtsjesilen foar de nocht
en ’t kampioenskip derop ta.

Image

Syn skip sa troch de dei, de ‘Aventoer’,
koe net pro Deo troch de tiid,
want ’t sneinske silen wie te djoer
om troch de wike út ‘e striid.

De âlde ‘Soli Deo Gloria’
waard optúgd foar it doarp Wâldsein
en song as sânde oan de ein
in sunich halleluja.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum