Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Magneet yn de Tynje

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1966

Image

Se kamen yn in sleep de Pikmar op,
de tolve mei de hege mêsten,
SWH en W op kop,
de Heale Moanne as de lêste.

Sa’n rige by de start fan elk syn plak
wie yn it striidferrin gjin fêste,
want al yn it twadde rak
kaam brûzjend troch Wâldsein as bêste.

Image

De twirren jagen oer de Wide Ie,
dat mêsten bûgden, giken kreaken,
skoaten skeaten, dochs noch gie
Wâldsein op kop as lûkend beaken.

’t Magnetysk fjild waard sterker oan de ein
doe’t Grou de Tynje yn lavearre,
skerper sylde as Wâldsein,
op eigen wetter triomfearre.

Image


admin

Kultuerpriis

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1966

Skûtsjesilen is net inkeld rekreaasje
neffens ’t ministearje fan kultuer,
it hat foaral te krijen mei de graasje
fan it skipperslibben yn it wurk en de natuer.

Image

Dy tradysje moast perfoarst beleanne wurde:
foar it skûtsje yn de âlde styl
folstiet men net mei kulturele wurden,
dêrom in medalje foar de wiere skûtsjefyl.

Image

’t Ministeriële komitee fan trije
hearen sette har ta ’t swiere wurk,
se mochten gjin fernijde roeven lije,
ynspektearren yngeand fan it helmhout oant de durk.

Image

Trije skûtsjes stiene op ‘e nominaasje:
Drachten, Earnewâld en ek Doarp Grou;
hoewol’t it Drachtster skûtsje miste faasje,
alderlêste, krige it de priis foar styl en bou.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum