| Ut it skûtsje-argyf 1968
   
It wie de freeds yn ’t âlde Grou, 
tradysje fan ‘dêr komt de float’ 
beladen mei it spanningsfjild 
fan ‘moarn sil ’t heve’ yn it nau 
fan feart De Tynje en oan board 
de fûlens, lykwols net op jild. 
Sjoch Loadewyk mei ’t nije skip 
dat profilearre him dy dei 
wat loek de bân fan Vredestein 
dy’t rôljend rûze: ‘Wol ferhip, 
reklame komt no op myn wei, 
in djip profyl foar ’t lange ein!’ 
It bod wie hûndert gûne, giel 
de grutte letters op it dek 
en mei LM alhiel yn styl, 
mar Loadewyk as man fan stiel 
besloech it gnizend mei de gek: 
‘Us skûtsje hat in glêd profyl!’ 
It wie de sneons yn ’t âlde Grou, 
it reinde en it skip lei djip, 
de skipper wie kanarjegiel 
en kaam De Tynje út yn ’t nau, 
tocht op ‘e finish: ‘Wol ferhip, 
dit wie hjoed net in bêste deal!’ 
  
 
  |