Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Frije wyn

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1971

Image

Wâldsein, de ein fan ’t wâld mar net te sjen,
want oeral leit de wrâld der iepen by,
de wyn bespilet alle banen, frij
yn eigen gea, gjin twirre giet ferlern.

Se lizze klear, de koppen by elkoar,
de griene en de brune, no noch ien
fan sin: gjin nocht oan hoe is ’t juster gien,
mar hjoed gean Snits en Grou der beide foar.

As ’t startskot klinkt, is Snits al oer de streek,
de kop, noch griener fan de grime, draait,
it túch stekt heger, freget dat it waait
op ’t plak fan Snits en ek nochris fan Sneek.

Sa heint de Pan de twirren dûbel op
en hellet út it seil fan Grou de wyn
dy’t lykwols falt by Ulbe* sterker yn
en wiist wa’t fan dy trije komt op kop.

* Ulbe Zwaga

Image

admin

Topketûne

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1971

Image

As Langwarder molewjukken swaaie
en de flaggen steane strak,
dan wit men, it sil twirjend waaie,
skuorre se de seilen flak.

As de Snitser skipper, slim ferwûne,
is syn fingertopke kwyt,
besylt gjinien de fierste tûne,
lykas Jan* troch twirren byt.

As it wite skip fan slimme Siete
sylt mei himelhege mêst,
fersiket er mei ierdske fiten
goaden foar syn eigen bêst.

As it Snitser topke komt nei boppen,
lykas ’t tûntsje foar de geast,
kin Siete noch sa biddend roppe,
Jan wurdt op ‘e Wiellen earst.

* Jan van Akker

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum