december 15, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2009
De stilte hearske yn de moarntiid
by De Lemmer, skieden fan de float,
yn djippe meditaasje
ûnder ynfloed fan de Jezus-boat
om fan de geast te krijen oanstriid.
De geast striek middeis mei syn twirren
foar de start al oer de Snitser mar
mei hege ynspiraasje
foar De Lemmer: ‘Hein de wyn en far
de fok fol, want jim winne hjirre.’
De Lemster fok foel fol mei tearen,
rekke rimpen by de foarsten wei
en út ‘e geast syn graasje,
dy’t grimmitich hurde wyn foarsei:
‘Ik sil yn ’t lêst noch lûder beare.’
De twirren jagen oer de weagen,
mar De Lemmer koe de geast wol ha
en finishte mei faasje
noch as nûmer fiif en hoe koe ’t sa:
as tank hie elk it blau foar eagen.
december 13, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2009
It wiene mêsten dy’t it diene,
moarns al fan de beareklau
tsjin loften stiiffol wyn,
fan buien swier en grau,
in teken hoe’t se by Grou stiene?
It wiene fjirtjin keale mêsten
yn twa slepen oer de mar,
mei gong de Tynje yn,
dêrnei wie der gjin kar,
se libben ûnder swiere lêsten.
Hoewol’t de tugen oan har loeken,
holden sy de rêgen rjocht;
de nije fan Doarp Grou
waard winner yn ’t gefjocht
en mocht dus oan de flagge rûke.
Ien strûpte yn de striid derûnder
om’t er it net hysje koe
tsjin Starums skerpe frou,
mar lykas Grou it woe,
sa diene trettjin it foar wûnder.