december 20, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2009
Hoe moat men oars de wolken skôgje,
de wynfear yn it djippe blau,
de fierte mei de skiere kym,
de float fan rûnfeartboat oant skou,
de earste boei, in dôberskym
as troch it each?
Hoe moat men oars it brûzjen hearre,
it rûzjen fan de wyn yn ’t want,
it klappend slaan fan seil en fok,
de trie sawat op knappen spand,
de flok by striid, de gjalp by lok
as troch it byld?
Sa is it byld al foar de start,
de spanning dy’t op knappen stiet,
it klappen fan de tel en tried,
de gaos om’t fan alles bart.
De start as skot en dwarrelreek,
de kop omheech, de skoaten strak,
de fjirtjin brûzjend oer de streek,
ferwaaiend yn it earste rak.
De tekening yn loft en striid
jout oan ’t ferrin fan flugge tiid,
de klappen falle achter, foar,
de kleare bylden binne hoar.
By blauwe loft en wite fearren
kin men op in skûtsjedei
allinnich bylden hearre
mei de eagen yn de draai.
december 17, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2009
Wâldsein, de ein fan wat wie earder wâld,
wat oerbleau wie in brede beamwâl
oergeand yn in reidfjild en in strân,
de ein fan de Wâldseinder wrâld,
dêr’t hjoed de wyn fan ’t wetter dreau nei ’t lân.
De striid begûn noch silend oer de streek
mei rekke klappen fan De Jouwer,
grutsk foaroan, mar nei it earste rak
ferwaaide gjin sigarereek,
dy’t hichte socht, de klompfloat lei foar blak.
Mar yn de lijte, oan de ein fan ’t wâld
stie samar wyn, it wie as ’t rikke,
skûtsjes brûsden op ‘e finish oan
en stieken yn har eigen wrâld
de stille stielen skûtsjes nei de kroan.