Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Plat

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1991

Image

It giet der somtiids plat omwei,
sadat it seil de weagen tipt
en ’t swurd fier boppe wetter komt;
’t publyk rôp dat de mêst al lei,
mar dy is wer de loft yn wipt.

Der foer gjin boatsje foar de boech,
de float lei feilich oan de wâl
mei útsicht op it skûtsjespul;
it gie ’t publyk net gau te rûch,
mar foar de boech, dat wiisde mâl.

’t Wie Doekle dy’t it foartou naam
en ’t handich om in boeike lei
foar ’t útsicht op it skûtsjespul,
wat joech it boatsje raam nei raam,
op ’t lêst gie it der plat omwei.

Image

admin

Djoere jonges

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Image

It kaam sels op ‘e NijsTV,
in skûtsjewedstriid foar de yndustry,
mar net foar wurkers op ‘e flier,
wol foar de top, foar dy en dy,
sa’n netwurk wie foar Fryslâns rom okay.

Se hieten captains, ’t koe net oars,
it moast de wrâld oer, oars die men net mei;
in Fryske skipper joech gjin sier,
’t gewoane túch, dêr seach er nei
en snúfde taanlucht mei in skerpe noas.

De captains kamen op ‘e kost
foar fjirtichtûzen, ynklusyf ME,
wat joech oan ’t spultsje slach en sier,
dat netwurk wie sa wol okay,
wa wit kriich elke Fries in hege post.

Dêr koe wol by in skipperspet
foar Albert Heijn fan captain Lodewyk,
it kopstik moast doe noch yn ’t spier
en rekkene himsels al ryk,
mar wûn de striid op Fryslâns wetter net.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum