Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Liet fan de leafde

Religy
PDF Print E-mail
1 Korintiërs 13, 1 -13
Wize: Lietboek foar de tsjerken, liet 446

Image

Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.

Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.

Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.

De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.

De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwen ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.

Oan profetearjen komt in ein,
de talen reitsje stom,
want alles is dan alris sein,
mar leafde komt werom.

No is de kennis ûnfolslein,
wa wit wat barre sil?
De folheid is oan ús foarsein,
de wittenskip wurdt stil.

Doe’t ik noch boarte as in bern,
tocht ik net oan wat wurdt,
mar no kin ‘k folle fierder sjen,
it bernlike is fuort.

Dochs sjoch ik alles noch net klear,
myn spegel is beslein,
mar ienris is gjin dize mear,
dan kenne wy folslein.

De hoop is yn ferfolling gien
dat leauwen hat berikt
dat leafde stiet op nûmer ien,
foar minsken sa beskikt.

Image

Sjoch ek: Religy Toppunttsjinst

admin

Yn de skurte

Religy
PDF Print E-mail
Hoe belibje de kristenen yn it Afrikaanske lân Malawi it evangeelje?
Sy ferbine dat mystearje fan libben en dea
mei har eigen bestean, riten en symboalen.
It gehiel is ferbylde op in skilderij.
De details dêrfan binne ferwurde yn gedichten.

Yn ferwachting fan it earste
nije libben as ferfolling fan
’t ûnthjit dat foarfaars’ geasten
joegen oan de frou en man.Nei it sakjen fan de sinne
komme neiste froulju nei har ta,
de muldoek om har hinne,
read as bloed sa wol men ha.

Yn har swarte klean stiet beppe,
swart as teken fan de fruchtberheid,
om út ‘e pot te skeppen
wite mais foar suverheid.

’t Maiswyt komt dan op ‘e holle,
’t krêftich kymjen fan har man syn sied
om foar it bern te wollen
sûnens, útdrukt yn in liet:

‘Lit it bern foldroegen wurde,
sjong it kunde en famylje ta,
fersterke wurdt har skurte,
sil it libben takomst ha.’

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum