Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Tsjinst ‘Wês wach’

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 21 desimber 2014 op De Jouwer

Image

1. Tarissing

Op dizze fjirde en lêste Advintssnein
stekke wy daliks fjouwer kearsen oan
en sjonge dêrby de fjouwer kûpletten
fan liet 126 út it Fryske Lieteboek.

Wy binne op dizze snein foar de fjirde kear
wach (waaksum) foar de komst fan it Krystbern.

Dêrby sprekke wy de ferwachting út
dat God de Heit fan ‘e moarn ferkeart
yn ús fermidden,
dat Jezus de Soan ús bidden heart
en dat yn elk hert de persoanlike ingel
it boadskip fan de syn komst bringt.

2. Sjonge
Liet 126: 1, 2, 3 en 4
by it oanstekken fan de kearsen

3. Bea

God, Heit yn de himel en Skepper fan de kosmos,
dêr’t de ierde syn rûnten yn makket,
wy bringe tank foar it wûnder dat wy libje meie,
oerdei ûnder it blauwe swurk mei it ljocht fan de sinne
en nachts ûnder de ûntelbere stjerren en planeten,
dreamend fan in nije ierde,
dêr’t 2000 jier lyn yn in stâl it begjin fan sichtber waard.

Wy fiele ús yn de ûneinige kosmos as in stofke
dat opljochtet en dûnset yn de strielen fan de sinne.
Mar tagelyk tankje wy, om mei Psalm 8 te sprekken,
dat Jo ús as minsken sawat godlik makke ha.

Wy tankje Jo, God de Heit, dat wy libje meie
mei de wissichheid dat it Bern fan Betlehem
net fergees libbe hat,
dat Jo Him oannommen ha as de godlike Soan
sa’t wy yn neifolging fan Him ek soannen en dochters
fan Jo neamd wurde meie… sawat godlik.
Lykwols as wy de ûntwikkelings op ierde folgje,
dan moatte wy konstatearje dat it stofke
dat de ierde yn de kosmos is,
in baan folget dy’t ôfwykt fan de oarspronklike oarder
yn de skepping.

Dêrom bidde wy, Skepper fan himel en op ierde:
mei brea de honger ferslaan,
mei sûnens baas wurde oer syktes,
meie smoargens yn loft, grûn en wetter
troch skjinne streamen fuortspield wurde,
mei de leagen yn religy, polityk en ekonomy
troch de wierheid ynhelle wurde,
meie oarloggen ferslein wurde troch de frede,
mei terreur yn de gloede fan leafde ferbrând wurde.

Lit ús wach wêze as de persoanlike, inerlike ingel
ús de wierheid seit.
Amen

Image

4. Sjonge
Liet fan de ingel: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Wize: Liet 133 út it Lieteboek foar de tsjerken

It is de fraach wêr komt er wei,
de ingel dy’t it boadskip bringt,
’t is net de minske dy’t him winkt,
it godsmystearje leit him nei.

It gie by Abraham al oan,
want trije boaden brochten him
it blide boadskip, Sara mem,
it godsmystearje fan in soan.

Doe’t Jakob by de Jabbok wie,
kaam op dat plak in ingel oan,
dy’t mei him focht oant yn de moarn,
troch dat mystearje joech er rie.

Wie Bileam earst blyn foar ’t swurd,
hy seach de ingel krekt op tiid,
syn eachweid waard ynienen wiid,
it godsfolk frege ’t goede wurd.

It godsfolk gie de ieuwen troch
oant wer in ingel sweefde del,
it wie Gods gabber Gabriël,
dy’t syn mystearje ’t minskdom brocht.

It boadskip gie de ieuwen troch,
de ingel socht om ûnderdak
en fûn yn ’t minskehert syn plak,
dêr sprekt er fan ’t mystearje noch.

5. Ynlieding

Jim moatte nei trije Advintstsjinsten sa wach wêze as in hazze. Want hat it tema ‘Waakzaamheid’ yn dizze tsjerke net trije kear oan de oarder west? Do soest dy dan ôffreegje kinne as ien fan jimme op dizze fjirde snein noch oanstriid hat om te knikkeboljen of de eagen ticht te dwaan oars as om te bidden. In oare fraach soe ek opkomme kinne: is it op dizze fjirde Advintssnein wol nedich om nochris op te roppen om wach te wêzen?

Lit ús noch mar efkes weromgean nei de hazze… sa wach as in hazze. Wy ha him al foar eagen… nee, net foar de loop, want dêr wol ik perfoarst net hinne. Deastil bliuwt de hazze sitten, noch wifeljend tusken weidûke of it hazzepaad kieze. Om wis te wêzen fan it fierdere ferrin komme de earen omheech om lûden op te heinen en dan rûtst er fuort.

Sille wy it byld fan de hazze mar ferjitte? Want it is net de bedoeling dat wy op de wize fan de hazze wach binne. Dochs komt de hazze yn de rin fan de tsjinst as byld werom, allinnich dan is er feroare yn in ezel.

Nazaret, Egypte en De Jouwer, oer dizze trije plakken giet it op dizze fjirde Advintssnein ek.
Lit ús mar begjinne by De Jouwer, want dat plak is ús it bekendst.  Wy geane in 400 jier werom, doe’t de Flecke in bloeiperioade meimakke. Der waard alle wiken merk holden yn de Midstrjitte en ien kear yn it jier wie it Jouster merke. Sawol de wyk- as de jiermerk wie yn Fryslân ferneamd. De bloeiende ekonomy loek ûnhuer folk oan, folk dat mei dieverij troch de tiid komme woe. Dus moasten de Jousters wach wêze. Oerdei koene se de eagen wol goed iepenhâlde, mar nachts leine se mei it fel oer de eagen. Dêrom rûn yn it tsjuster de nachtwacht troch de strjitten. It gong yn dy tiid net om ‘sa wach as in hazze’ te wêzen, mar ‘sa wach as in hûn’. Wach wêze om guod en jild te beskermjen.

En de Mennisten fan De Jouwer?  Dat wie in hiel oar ferhaal. Op jim webside wurdt ferteld dat de Alde Flamingen yn de 17e ieu, de bloeiperioade fan De Jouwer, foar master opsloegen. Sy wiene sa strang yn it leauwe dat se in skerpe skieding foarstiene tusken gemeente en wrâld. Strang dus en tagelyk wiene se wach op it hâlden en dragen fan elke mennist dy’t de kant fan de wrâld útskaaide. Sa’nien waard yn de ban dien. Gjin wûnder dat der op ‘en doer in twadde menniste gemeente op De Jouwer kaam.
Wy kinne de Alde Flamingen net ferlykje mei in hazze of in hûn. Miskien moatte wy yn dit ferbân wol sizze: sa wach as in Alde Flaming.

Wy geane daliks oer fan De Jouwer nei Nazaret… kinne wy dan sizze sa wach as Marije?

Image
Fresko yn de San Francesco tsjerke yn Assisi
Detail

6. Sjonge
Liet fan Marije: 1, 2 en 3
Wize: psalm 134

Hoefolle famkes boarten net
op strjitte yn stêd Nazaret?
Marije liet har dêr ek sjen,
in libben tusken blide bern.

Doe’t sy fan famke waard in faam,
wie ’t krekt oft Joazef faker kaam,
in moeting mei de timmerman,
dêr kloppe ’t hert har flugger fan.

Sy waard fereale op dy feint,
waard troch syn sterke earmen heind
en heinde sels wat hy har sei:
‘Tegearre geane wy op wei.’

7. Lêze
Lukas 1, 26-38

Image
Nicolas Poussin

8. Sjonge
Liet fan Marije: 4, 5 en 6

Sy wie noch jong en amper frou,
mar oan it hûs fan Joazef trou,
doe kaam in ingel by har del,
it wie Gods gabber Gabriël.

It boadskip dat hy foar har brocht,
wie ’t heil troch ieuwen hinne socht:
‘God moetet dy yn Davids soan,
hy docht it sûnder troan en kroan.’

It gie Marije troch de lea,
har libben rûn sa earder nea,
it wie har wêzen oan te sjen,
de moeting mei it godlik bern.

9. Ferkundiging 1

Fan De Jouwer nei Nazaret, in grutte ôfstân yn kilometers, in grut ferskil wat polityk en kultuer oanbelanget:
De Jouwer yn in frij lân, Nazaret ûnder it jok fan de Romeinen
De Jouwer nei de krisis stadichoan wer opbloeiend, Nazaret in earmoedich stedsje
De Jouwer noch mei twa tsjerktuorren en in menniste tsjerke, Nazaret yn it Galiléa fan de heidenen

En krekt nei dat earmoedige stedsje yn it heidenske gea, dêr wjukket de ingel Gabriël hinne, gabber fan de Alderheechste. Hoe is it mooglik, tsjin alle fer…wach…ting yn, nei Nazaret, net nei Rome of Jeruzalem.
It wurdt noch frjemder, want Gabriël wjukket nei in plak dêr’t it lûd fan de seage en de hammer klinkt en dêr’t in jongfaam de feger oer de flier hellet.
En wat net in minske ferwachtsje soe, de gabber fan God sprekt dy jongfaam oan mei in groet. Dat gong tsjin alle regels fan dy tiid yn: in frou waard de tiid fan de dei net sein, lit stean in frou dy’t noch net troud wie.
Is it in wûnder dat Marije kjel wurdt, net allinnich fan de frjemde ferskining, mar ek dat se oansprusten wurdt en hoe! Net delbûgjend, mar mei de groetnis en geunst fan de Alderheechste. Hoe kin men dêr no wach foar wêze? Dat giet tsjin elke ferwachting yn.
It wurdt noch wûnderliker, sels bjusterbaarlik. Gabriël kundiget oan dat de jongfaam, dy’t leech by de grûn it stof opfaget, ferhege wurde sil as mem fan de soan fan de Alderheechste.
Sy hoecht út harsels net wach te wêzen, mar wurdt wach makke mei’t se yn ferwachting rekket.
Is it in wûnder dat Marije der glêd mei oan is? Hoe kin in jongfaam foar it houlik al swier wurde? Dat soe foar de manlju yn Nazaret reden wêze om har foar lichte fûgel út te meitsjen.
Swier en tagelyk lichte fûgel wêze.
Miskien hat Gabriël op dat stuit de wjukken wol útslein om Marije yn beskerming te nimmen. En om tagelyk it ferhaal te fertellen fan de wjukken fan de hillige Geast, wjukken dy’t in hillich skaad oer de jongfaam falle lieten, sadat gjin man yn Nazaret har tenei komme soe.
Allinnich Joazef stie har as takomstige man nei.

It wûnderlike ferhaal dat Gabriël oan Marije fertelt, liket op ien fan de Egyptyske goadeferhalen. Yn it lân fan de farao’s rekke de keninginne troch tadwaan fan in god swier en doe’t it har tiid wie, waard in goadesoan berne.
Tusken it earmoedige Nazaret en it bloeiende Egypte rint dus it paad fan de ferwachting, in wrâldwide ferwachting fan wat op ús takomt: de takomst fan de Soan fan God.

Image

10. Sjonge
Liet 122: 1, 2, 3, 4 en 5

11. Lêze
Mattéus 2, 13-15

12. Sjonge
Liet fan Joazef: 1, 2 en 3
Wize: Liet 122 út it Lieteboek foar de tsjerken

Joazef, man út Nazaret,
timmerman wie dêr syn fak,
hat him foar de oar ynset,
gie op reis fan plak nei plak.

Wittend fan syn namgenoat,
Joazef, yn Eygpte foarst,
foar himsels in feilich plak,
hat syn heit fan soarch ferlost.

Joazef wie fan Davids stam,
wer in kening nei Gods hert;
brânde altyd noch dy flam
of wie ’t kâld yn Nazaret?

13. Ferkundiging 2

Fan Nazaret oer Betlehem nei Egypte
Fan Advint oer Kryst hinne nei de tiid om wach te wêzen
Wy bliuwe dus net yn Nazaret, want ‘yn ferwachting’ betsjut dat it each rjochte is op ‘e takomst, nammentlik op ‘e berte fan in bern.
Wy bliuwe ek net by dizze fjirde Advintssnein stean, want de tiid giet troch nei de Krystnacht en fierder nei noch in nacht, de nacht fan de driging.
Wy ferbine dizze Advintssnein, de snein fan de heechste ferwachting, mei wat letter noch komme sil. Sa’t wy ús eigen ferwachting ferbine mei wat noch yn ús libben komt.
Ast jong bist de ferwachting fan in leave partner, in moaie karriêre of in wrâldreis. En ast al op jierren bist de ferwachting fan in sûne âlde dei.

Image
Georges de la Tour

Wy geane earst noch efkes nei Betlehem. It is yn de tsjustere nacht nei it ôfreizgjen fan de trije wizen op har kamielen. Marije hat de lytse poppe krekt it boarst jûn en mem en jonkje binne yn sliep fallen. Joazef, dy’t de eagen lang iepenholden hat, rekket ek yn de slomme, mar is ynienen klear wekker. Hy is wach wurden troch in dream. Wa oars soe yn dizze situaasje wach wêze moatte? Net de mem, want mei de komst fan it bern is har ferwachting foarby. Ut ‘e djipte fan Joazefs dream wei komt it byld fan in ingel, dy’t him opropt om mei mem en bern nei Egypte te flechtsjen fanwege de driging fan kening Herodus.
En de farao fan Egypte dan? Giet dêr gjin driging fanút? Wolnee, dy moat ommers it ferhaal fan de wûnderlike berte wol witte. Net dy fan Jezus, mar it ferhaal fan de berte fan de eigen goadesoan. Twa ferhalen dy’t opinoar lykje, hoe soene de trije asylsikers út Betlehem dan net wolkom wêze yn Egypte?

Nei de flecht yn de nacht út Betlehem komt noch in nacht, nei’t Joazef en Marije mei de lytse Jezus dagen ûnderweis west hawwe: de nacht fan de wachter, mar net de nachtwachter fan De Jouwer. It is de sfinks, heal man heal liuw, dy’t beskermjend de poaten om de deawurge mem en it bern hinne slacht. Joazef leit bewuolle yn it ezelstek te sliepen op it sân. Allinnich de ezel stiet noch rjocht oerein, wol mei de kop nei de grûn ta, heal yn de slomme dochs wach foar de driging fan wylde bisten.
Moetsje yn dizze nacht de goadesoan fan Egypte yn it stal fan de sfinks en de Soan fan Israel, Gods Soan, elkoar yn de woestyn? Skilder Merson hat it yn 1880 wol sa op doek werjûn. Is it net bysûnder dat de beide wûnderlike berteferhalen sa yn byld komme?

Egypte is foar de trije asylsikers net de einbestimming. Foar wa’t de skiednis fan Israel ken, is dat ûnmooglik. Want it folk Israel, yn it Alde Testamint Gods soan neamd, waard troch Mozes út Egypte fierd. En Mozes’ suster Mirjam, deselde namme as Marije, song oer de befrijing út it slavelân. Wa’t te lang yn Egypte bliuwt, wurdt ta slaaf makke fan it achterein fan de sfinks, fan de liuw, dy’t stiet foar de macht. Dêrom hat God syn soan Israél út Egypte roppen. En mei dêrom sil God de Heit syn Soan Jezus nei de dea fan Herodus ek út Egypte roppe.
Wa’t wach is foar dy rop, giet mei Jezus op ‘en paad nei it lân fan belofte.

Image
Merson

14. Sjonge
Liet fan Joazef: 4, 5 en 6

Harkjend nei Marijes stim,
gie hy mei har op ‘en paad
nei de stamstêd Betlehem,
dêr’t it berntsje berne waard.

Joazef dreamde, wie it echt
Gabriël dy’t by him stie?
Nei Egypte op ‘e flecht,
hearde hy as wize rie.

Betlehem as Davids stêd,
doe Egypte, Joazefs lân;
wittend dat it Godsbern rêdt,
naam hy ’t jonkje by de hân.

15. Ferkundiging 3

Wy binne net bleaun yn Nazaret, Betlehem en Egypte. Wy binne op dizze fjirde Advintssnein op De Jouwer.
Wy binne Marije en Joazef net, om oer Gabriël en de ingel dy’t yn de dreamen oan Joazef ferskynde, mar te swijen. Wat no, moatte wy as menniste gemeente fan De Jouwer en do as persoan (folje dyn eigen namme mar yn) de ingel swije litte?

Om earlik te wêzen, leauwe de measte minsken yn de 21ste ieu net mear yn ingels. Miskien ljochtsje de gabbers fan God yn de Advints- en Krysttiid út nostalgy dochs noch efkes op:
‘Hoor de eng’len zingen d’ eer van de nieuwgeboren Heer’.
Skitterjend, krekt as ljochtet de tsjustere himel fan it grutte ingelkoar op en hearre wy de ingels mearstimmich sjongen. Mar is Kryst foarby, dan wurdt de himel wer swart as de nacht en hearre wy oars net as it rûzjen fan it ferkear op de A7. Dan binne wy wer wach foar 1,4% salarisferheging en 0,9% ynflaasje, wach foar de neoliberale fisy op ‘e ekonomy.
Spitich dat de stim fan de ingel yn ús dan oerraasd wurdt troch wat yn de maatskippij foarrang kriget: macht, jild en sport. Tink no net dat ik wat op It Hearrenfean en Cambuur tsjin ha, want earlik is earlik, ik sjoch elke moandei efkes yn de sportbylage hoe’t ús beide Fryske klubs der foarsteane.
O ja, wy soene sawat foarbygean oan de ingel yn ús. Yn de djipte fan elk minske wjukket wol sa’n gabber, dyn inerlike maat. Dy gabber sprekt dy oan, bygelyks om de meiminske yn soarch en noed by te stean yn neifolging fan it Bern fan Betlehem. Hy kundiget ek oan, lykas fan ‘e moarn, dat it Bern fan Betlehem weromkomt út Egypte, it machtssintrum; dat it achterein fan de sfinks (de liuw) yn de takomst mei it laam boartsje sil. Hy sjongt dy ek ta, bygelyks ast as heit of mem, pake of beppe de lytse poppe, dy’t krekt berne is, yn de earms hâldst.
Wa’t wach is foar it praten en sjongen fan de inerlike ingel, kin net allinnich mei in bliid moed Krystfeest fiere, mar is ek fol ferwachting fan wat dêrnei komt.
Amen

16. Oargelspul

17. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

18. Sjonge
Liet 121: 1, 4 en 5

19. Seine

Lit ús no it paad rinne fan de lêste Advintssnein nei Kryst
mei de seine fan God de Heit,
mei de ferwachting fan de komst fan Jezus de Soan
en mei de stim yn ús inerlik fan de persoanlike ingel.

20. Sjonge
Liet 456: 3

Image
Rembrandt


admin

Liet fan Izaäk

Religy

Genesis 21, 1-7
Wize: Liet 440 út it Lieteboek foar de tsjerken

Gjin twivel mear, hy sil gau komme,
it lange wachtsjen is foarby,
it gnyskjen is de mem ûntnommen,
it folút laitsjen stiet har frij,
it berntsje krijt in skoander plak,
dus laket elk foar Izaäk.

Gjin twivel, fan it boarst ôfkomme,
de tosken dogge no it wurk,
foar ’t jonkje wurdt de wrâld ferromme,
hy libbet ûnder ’t wide swurk,
it gnyskjen makket him net kjel,
hy is te jong foar Ismael.

As memmesoan is hy allinne
en fantasearret him in maat,
hy boartet hoeder yn de sinne
en bringt in lamke yn it skaad,
dus krijt it dier in skoander plak,
sa is de aard fan Izaäk.

As heitesoan moat hy meirinne
de berch op, sa giet it omheech
oant heit en soan der einlings binne,
it offermes slacht net omleech,
in raam komt foar him yn it plak,
dus laitsje heit en Izaäk.

Sjoch ek: Religy Tsjinst fan twa healbroers

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum