Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Tsjinst fan it inerlik

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 1 febrewaris 2015 yn Terkaple

1. Tarissing

Image

Yn dizze tsjinst giet it oer profeet-wêzen
út it inerlik wei nei bûten ta.
Dêrom is dit de tsjinst fan it inerlik,
mar tagelyk fan wat út it inerlik komt.

Dizze tsjinst is út namme fan de Skepper
fan himel en ierde,
fan it inerlik en uterlik,
dy’t de Skepper beide ta ienheid bringt,
sadat wy yn harmony libje kinne.
Amen

2. Sjonge
Tuskentiden 5: 1, 2 en 3

3. Bea

God, Heit yn de himel en Skepper fan de kosmos,
dêr’t de ierde syn rûnten yn makket,
wy bringe tank foar it wûnder dat wy libje meie,
oerdei ûnder it blauwe swurk mei it ljocht fan de sinne
en nachts ûnder de ûntelbere stjerren en planeten,
dreamend fan in nije ierde,
dêr’t 2000 jier lyn mei it ferskinen fan Jezus
it begjin fan sichtber waard.

Wy fiele ús yn de ûneinige kosmos as in stofke
dat opljochtet en dûnset yn de strielen fan de sinne.
Mar tagelyk tankje wy, om mei Psalm 8 te sprekken,
dat Jo ús as minsken sawat godlik makke ha.

Wy tankje Jo, God de Heit, dat wy libje meie
mei de wissichheid dat Jezus net fergees libbe hat,
dat Jo Him oannommen ha as de godlike Soan
sa’t wy yn neifolging fan Him ek soannen en dochters
fan Jo neamd wurde meie… sawat godlik.
Lykwols as wy de ûntwikkelings op ierde folgje,
dan moatte wy konstatearje dat it stofke
dat de ierde yn de kosmos is,
in baan folget dy’t ôfwykt fan de oarspronklike oarder
yn de skepping.

Dêrom bidde wy, Skepper fan himel en op ierde:
mei brea de honger ferslaan,
mei sûnens baas wurde oer syktes,
meie smoargens yn loft, grûn en wetter
troch skjinne streamen fuortspield wurde,
mei de leagen yn religy, polityk en ekonomy
troch de wierheid ynhelle wurde,
meie oarloggen ferslein wurde troch de frede,
mei terreur yn de gloede fan leafde ferbrând wurde.

Lit ús inerlik iepenstean foar de geast dy’t ynspiraasje jout
om rêst, waarmte en moed út te strieljen.
Amen

4. Sjonge
Tuskentiden 5: 4 en 5

5. Ynlieding

‘Ik tink, dus bin ik,’ sei de Frânske filosoof Descartes yn de 17e ieu. Mei oare wurden: net it lichem of it uterlik, mar de geast of it inerlik seit wat oer de minske. Dêrmei brocht er skieding oan tusken lichem en geast.
Tinke, neitinke, betinke, oertinke, ús inerlik liket faak op in draaimole of mallemole, men wurdt der bytiden mâl fan. It liket as is ús geast noait leech. Dat begjint al as wy fan ’t bêd komme en de kommende dei op ús ôfkomt: wat stiet allegearre op it programma? Tagelyk of yn de rin fan de dei begjinne de soargen te draaien: noed oer dysels of dyn man/frou (bygelyks sykte dy’t taslacht); oer de bern en bernsbern (rêde sy it yn de maatskippij dy’t hieltyd komplekser en hurder wurdt); noed oer de âlders dy’t soarch nedich ha en dy net mear krije kinne yn in fersoargingshûs). En ast jûns it nijs op it sjoernaal sjochst, dan draait de ellinde fan de grutte wrâld syn rûntsjes yn it inerlik.
Dat duorret foar guon minsken krekt salang oant de draaimole kreakjend hohâldt en de útspraak dien wurdt: ‘Ik fiel my hielendal leech.’
Leech, in holle leechte, benearjend, omdatst it gefoel hast datst dysels net mear bist.
‘Ik kin net mear tinke, dus ik bin der net mear,’ om de útspraak fan Descartes yn it negative oan te passen. Do bist dysels kwytrekke.
Mar hoe moat it dan? It tsjinstelde fan de holle leechte is de folle leechte. Dat klinkt frjemd, mar it is de inerlike leechte (gjin prakkesaasjes mear) om fol te reitsjen. Fol fan in geast dy’t rêst en waarmte jout, moed om middenyn it libben te stean, motivaasje, ynspiraasje of hoest it mar neame wolst.

Image

Ha jim op 19 desimber 2014 it In Memoriam fan Jehannes Fijnvandraat lêzen? Hy is 91 jier wurden en stoarn yn it Wumkeshûs yn Snits.
Jehannes wurke as jongfint op it natuerkundich laboratoarium fan Philips yn Eindhoven en yn syn inerlik sille grif formules omdraaid ha. Mar doe’t er 23 jier wie, rekke dat inerlik op de ien of oare manier leger en kaam der plak foar in stim dy’t rôp. Hy fernaam de ropping om it evangeelje fan Kristus te bringen. Dat betsjutte gjin fêste baan en ynkommen mear, dat Jehannes libbe mei syn frou en letter acht bern fan jeften.
De evangelist en syn dissipelen reizgen mei twa stedsbussen troch it hiele lân, makken fan de bussen in seal, dêr’t er de minsken wolkom hiet en tsjûge fan de leafde fan Kristus. De lege bussen rekken fol, lykas it lege inerlik fan Jehannes fol rekke fan de geast.
Wie Jehannes Fijnvandraat in profeet? Wa sil it sizze? Yn alle gefallen spriek er wurden dy’t minsken rekken, omdat yn syn inerlik plak wie foar de geast fan Kristus.
Dêroer giet it fan ‘e moarn. .

6. Sjonge
Liet fan wa en wêr: 1, 2 en 3
Wize: Liet 133 út it Lieteboek foar de tsjerken

Wa bisto minske? is de fraach
dy’t klinkt it hiele libben lang.
It krekte antwurd jou ik graach,
mar ’t slagget amper, bin ik bang.

Wa bisto, minske yn it leed
dat taslacht by berch Sion wei.
God rôp my as syn heilsprofeet,
ik rop hjoed út in nije dei.

Wa bisto, man by de Jordaan
dy’t opslacht út ‘e delte wei.
Ik kin ienfâldich ’t antwurd jaan,
wa’t mei de Geast doopt, komt hjirnei.

7. Lêze
Deuteronomium 18, 15-20

8. Sjonge
Liet fan Mozes: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Liet 168 út it Lieteboek foar de tsjerken

It jonkje út it wetter wei
gie letter mei syn folk op wei,
dy’t útkaam yn ’t beloofde lân
mei gers en bou yn plak fan sân.

Doe’t lytse Mozes yn in koer
de weagen fan de Nyl befoer,
naam de prinses it foar him op,
syn earste stapke nei de top.

De Iene rôp him ta de die:
befrijing út it slavelân;
it folk kriich fan de lieder rie:
nim jimme berntsjes by de hân.

It folk kaam by de Reade See,
seach dêryn klear de kleur fan ’t bloed,
mar Mozes stie foaroan al ree,
syn stêf en wurden joegen moed.

De toarst sloech letter bitter ta,
it folk woe ’t wetter sa net ha;
de Iene wiisde ’t hout doe oan,
se dronken wat wie earst bedoarn.

9. Ferkundiging 1

It barde middenyn de woestyn, de Sinaï-woestyn, oerdei smoarhjit en nachts sa kâld dat it folk fan Mozes derfan riboske. Mozes, de grutte lieder, klom op ‘e rots om it folk ta te sprekken. Hy hie syn inerlik leechmakke om de stim fan de Iene te hearren. Net dat er roppen wurde soe, want dat wie al jierren lyn bard, by it brânende toarnbeiboskje, ek yn de woestyn. Net dat er roppen wurde soe om de berch op te gean, want dy hie hy al beklommen om de Tsien Wurden fan de Iene op te heinen.
Wylst Mozes dêr sa yn de hichte stie om te sprekken, kamen him wer de bylden fan it bange folk foar eagen, dat by de Hoareb ek huvere hie, net fan kjeld, mar fan it grutte fjoer en de stim fan de Iene.

Image
Domenico Beccafumi

Hoewol’t Mozes roppen wie om it folk troch de woestyn te lieden, hie syn lege inerlik op ‘e berch ek trille fan ûntsach. Dy leechte wie folrûn mei in hillige oerfloed, dêr’t er amper wurden foar wist.
Mar hjoed moast er de wurden fan de Iene sprekke en wied er foar it folk in profeet. Lieder en tagelyk profeet. In dûbelfunksje, wat in ferantwurdlikheid! Mar de hillige oerfloed yn syn inerlik soe him ynspirearje om de goede wurden út te sprekken.
Dat koe in profeet net sittend dwaan, in profeet gie ek net stean, lykas it folk oereinkaam om it folgende trajekt fan de woestynreis ôf te lizzen. Nee, in profeet stie op om de wurden fan de Iene yn syn lege inerlik op te heinen.
Doe’t Mozes fernaam dat it yn him begûn te streamen, swaaide er mei de earm en it rûzjen fan de stimmen stoar fuort.
‘Folk fan de Iene, wês net benaud, want wat jim frege ha by de Hoareb, komt no út. Om’t jim doe huveren by it oanhearren fan de stim fan de Iene en it skôgjen fan syn hillich fjoer en om’t jim tochten dat jim it bestjerre soene, ha jim frege dat dit nea wer barre soe.’
Mozes seach dat de eagen fan it folk opljochten as byld fan har ferromme inerlik.
‘Folk fan de Iene, de Heare dyn God sil út dyn fermidden in profeet opstean litte. Ha jim it heard? In profeet lykas my, in profeet dy’t opstiet foar de Iene. Jim komme oerein wannear’t ik as lieder it sein jou om wer op ‘en paad te gean, mar in profeet stiet op om jim it paad te wizen. Harkje dus nei him. Soe der ien fan jim wêze dy’t net harket?’
Mozes liet in stilte falle, dy’t net ferbrutsen waard, doe gie er fierder:
‘Mocht der ien wêze dy’t net harkje soe nei de wurden dy’t de profeet opheint yn syn inerlik en útsprekt foar it folk, dan sil de Iene it weromfreegje.’
Mozes seach dat de eagen fan guon út it folk grut waarden.
‘Krekt, wa’t net harket, sil wer huverje fan de stim fan de Iene. Lykas de falske profeet, dy’t syn inerlik fol hat mei eigen wurden, dy’t er bretaalwei foar it folk útsprekt. Sterker noch, sa’n profeet sil nea wer oereinkomme.’
Doe swaaide Mozes wer mei syn earm as teken dat der gjin wurden fan de Iene mear wiene.
‘Folk fan de Iene, gean nei jim tinten ta; as lieder sil ik jim moarnier oproppe om oerein te kommen en op ‘en paad te gean nei it lân fan belofte.’

10. Sjonge
Liet fan Mozes: 6, 7 en 8

Nei’t Mozes Wurden krigen hie,
joech hy it folk mei rie en die
it perspektyf op de profeet,
de godsman yn it sljochte kleed.

De droege mûle spriek wer op,
it wetter streamde nei in klap
yn plak fan Mozes’ liedersrop,
hy sette yn it lân gjin stap.

It jonkje út it wetter wei,
wie letter dêr ek mei fertroud,
hy seach it lân by ljochtskyndei,
de kimen ljochten lykas goud.

11. Lêze
Markus 1, 21-28

Image

12. Sjonge
Liet fan de romte: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Tuskentiden 5

Sinne, moanne en de stjerren,
alles past yn it hielal,
romte amper te ferklearjen,
net te tellen is it tal.

Ierde yn de kosmos draaiend
om de sinne yn in jier,
minsken yn de romte baaiend,
kimen lizze withoefier.

Minske, sjoch dysels fan binnen,
romte as in nij hielal,
folje dy mei stjer en sinne,
dan sil ’t strielje fan dyn stal.

Rint de romte fol mei noeden,
wurdt it faaie libben dreech,
komt it kwea yn ’t plak fan ’t goede,
meitsje dan de romte leech.

Komt in oanfal fan de kweade,
kin de geast it net mear oan,
skaait it libben nei de deaden,
dan glydt hjoed net mear nei moarn.

13. Ferkundiging 2

Lit ús der efkes fan útgean dat Mozes noch libbe hie yn de tiid dat fiif manlju by de See fan Galiléa lânsrûnen, Jezus en fjouwer fiskers dy’t Hy krekt by de netten weiroppen hie. Dan wie it net yn him opkommen dat de taspraak dy’t er foar it folk holden hie, op de folgjende sabbat wierheid wurde soe.
In swijende profeet mei fjouwer ienfâldige fiskers ûnderweis nei Kafarnaüm? It like der net op! En wie dit no it lân fan belofte, dêr’t er it folk hinnebrocht hie? It folk hjir libbe ûnder it jok fan de Romeinen. Wat sei? It Galiléa fan de heidenen? Rûn dêr in profeet yn in heidensk gebiet? It moast net raarder! Mozes soe djip teloarsteld west ha mei it sicht op lân en libben 1200 jier nei syn taspraak yn de woestyn.

Lit ús mei Mozes op de folgjende sabbat de synagoge fan Kafarnaüm binnenstappe. Dêr steane de fjouwer fiskers tusken it stedsfolk. En foaroan stiet Hy dy’t de manlju by de netten weiroppen hat.

Image
Marco Basati

Mozes skuort grutte eagen, want hy sjocht himsels op ‘e rots stean, fielt de leechte fan it inerlik oan, dat folstreamt mei wurden fan de Iene. Sa stiet Jezus dêr, wylst er in taspraak hâldt. Dit is folslein oars as de gong fan de swijende man tusken de fjouwer fiskers ûnderweis nei Kafarnaüm. Hjir sprekt in man dy’t wat te sizzen hat, in sprekker mei gesach, in profeet mei folmacht. It inerlik fan dizze profeet is ûnder it rinnen by it wetter lâns leechstreamt om op ‘e sabbat yn de synagoge fol te reitsjen. Hjir stiet in profeet mei folmacht, dy’t út namme fan de Iene sprekt.
Mozes werkent dizze folle macht daliks, want hysels hat ek sprutsen út namme fan de Iene. Hiel oars as de macht fan farao of de keizer, dy’t sprekke út it eigen machtstinken wei, sadat se as machthawwer oer it folk hearskje.

Ynienen skrillet Mozes op fan in skreau, in balten dat troch de hiele romte klinkt. It folk yn de synagoge skrillet tebek. De fjouwer fiskers bliuwe op har plak stean, mei iepen mûle dêr’t gjin lûd útkomt. En de profeet? Hy rint stadich op it razen ôf, dêr’t mearstimmige wurden yn trochklinke dy’t Him tsjinhâlde wolle. Mar de profeet rint troch. Op ‘e nij raze stimmen him yn de mjitte: de tsjinstelling tusken ferdjer en God, tusken ferneatiging en it hillige.
It kringt stadich yn Mozes troch dat hjir in striid levere wurdt tusken it hillige en wat tsjin it hillige yngiet, tusken it suvere fan de Iene en it ûnreine fan it gouden keal, sa’t hysels meimakke hat by de berch Hoareb. It inerlik fan it folk wie sa fol fan in ûnreine geast, dat se mâltjirgen om it bollekeal hinne.
Mozes sjocht nei de mâltjirgjende man dy’t foar Jezus stiet, de lea spand as in bôge foar it sjitten. Syn inerlik moat ek sa fol wêze fan in ûnreine geast dat der gjin plak is foar de wurden dy’t de profeet sprutsen hat.
En harkje, wer sprekt de profeet: ‘Hâld dy stil en gean út him wei.’
De lea fan de man skokke heftich , dan falle se stil en komt de ûntspanning. It inerlik fan de man is leechrekke.
Mozes is ferbjustere. Wis hy hat mei de stêf it wetter fan de see fuortstreame litten, mei in stik hout bitter wetter swiet makke, mei de stêf wetter út ‘e rots slein, allegearre wûnders mei  streamend wetter. Mar dit wie in wûnder mei in minske, dy’t leechstreamde om fol te reitsjen mei libben wetter, in suvere geast.
Libbenswier, dit wie wurd en died fan in grut profeet foar it minskdom, wurd en died as in ienheid.

14. Sjonge
Liet fan de romte: 6 en 7

Minsken yn de synagoge
hearden ’t razen fan in geast
yn de keardel dy’t net doogde,
’t wie in tastân op it nearst.

Jezus rôp de geast nei bûten,
romte as in nij hielal
hat de sinne doe begroete,
strielen skeaten fan syn stal.

15. Ferkundiging 3

Image

Fan de woestyn fia Kafarnaüm nei Terkaple. In prachtich doarp tusken de Puollen en de Sâltepoel mei rûnom griene greiden. Yn de fierste fierte gjin woestyn of in berch of it moast de oprit fan Hearresyl wêze.
Wy sjogge ek gjin fiif manlju by de Terkaplester Puollen lânsrinnen op ‘en paad nei de tsjerke.
En in Mozestra makket gjin risselwaasje om hjir op ‘e hichte in rede te hâlden oer in profeet dy’t yn Terkpale opstean sil om út namme fan de Iene wurden te sprekken ta heil fan it minskdom.
Of binne it yn Terkaple allegearre al profeten? It wurd ‘profeet’ hat syn tiid hân, wurdt der sein. It is in wurd út it Alde Testamint en dus in âld wurd. En lit ús earlik wêze, wy ha der gjin ferlet fan om nei de âlde tiid werom te gean. Wy libje yn in nije tiid en watfoar ien! In tiid fol mei mooglikheden, fan laptop, IPad en mobyltsje. En dy mooglikheden litte de hiele wrâld yn ús inerlik draaie. Nee, der hoecht gjin sprake te wêzen fan in ûnreine geast. Ik sit sels ek achter de laptop en ha dizze tsjinst dêrop makke.
Wy geane werom nei it begjin fan de tsjinst, doe’t der sprake fan wie dat it inerlik, ús eigen geast, nea leechrekket, dat it dêr as in mallemole oan it draaien is. Dan is der ek gjin romte foar de ynhâld fan de rede fan Mozes en de taspraak fan Jezus, want dêr is in leech inerlik foar nedich.
Us inerlik kin rinnendewei by de Terkaplester Puollen of de Sâltepoel lâns leechreitsje om wer fol te wurden fan de natuer as Gods skepping. Of om op te heinen wat de inerlike ingel ús ta flústeret. Jawis, de inerlike ingel, leaver net de ûnreine geast, want elkenien mei in ingel yn him of har wolkom hjitte. Wa’t oan de Puollen leechrekke is, kin yn de stilte dy stim hearre.
En wa wit, flústeret de persoanlike ingel him of har yn dat er yn syn eigen lytse wrâld in lytse profeet wêze mei.

De profeet
Alexander Poesjkin

Image

Wylst toarst myn geast ferdroege hat,
sleep ik de lea oer toarre heide.
Ynienen, tusken dyk en greide,
ferskynt in ingel op myn paad.
Seis wjukken waaie mei in stream
myn eagen skerp, as yn in dream
sjoch ik de lytste skepsels stean
as hie ‘k it eachweid fan in earn.
Myn earen rekke hy ek oan,
doe hearde ik de heechste toan,
it hillich beevjen fan de sfearen,
de flústerflecht fan Gabriël,
it fûgellûd, fan sêft nei skel,
de fisken, hinne en yn ’t kearen.
Doe kaam de ingel nei myn mûle,
dy’t troch myn praat in slangekûle
fol fenyn en listen wurden wie.
Hy loek de tonge út en die
yn plak dêrfan syn spraak deryn,
it wie as ’t rûzjen fan de wyn.
Ik fielde hoe’t syn swurd my snie,
djip yn it boarst, it hert mei bloed
ûntnaam er my en sjoch, der gie
in koal fan fjoer yn ’t leech gemoed.
Dêr lei ik oeren lang foar dea,
doe klonk Gods ropstim oer it gea:
‘Oerein, profeet, sjoch net nei juster,
tsjoch op, ferlit dyn hûs en hurd,
gean oer see en lân, by ljocht en tsjuster,
brân yn it minskehert dyn wurd.’

Image
Giovani Battista Tiepolo   Jesaja’s ropping

Amen

16. Oargelspul

17. Sjonge
Liet fan wa en wêr: 5, 6 en 7

Wêr giesto hinne, heilsprofeet,
sa troch de sân- en rotswoestyn.
Mei ’t folk rin ik út ballings need
berch Sion op, de frijheid yn.

Wêr giesto hinne, man fan Wurd
en wetter yn de iensumheid.
Ik gean de stream yn, spiel sa fuort
it kwea dat op ‘e siele leit.

Wêr giesto hinne? is de fraach
dy’t klinkt it hiele libben lang.
Yn optocht mei it hoopjend laach
nei ’t antwurd mei muzyk en sang.

18. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

19. Sjonge
Liet 330: 1 en 3

20. Seine

Wy geane nei hûs mei in ferromme inerlik
mei dêryn de seine fan God de Heit,
de leafde fan Jezus Kristus
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast
Amen

Image
 

 

 

admin

Liet fan de ingel

Religy
PDF Print E-mail
Wize: Liet 133 út it Lieteboek foar de tsjerken

Image

It is de fraach wêr komt er wei,
de ingel dy’t it boadskip bringt,
’t is net de minske dy’t him winkt,
it godsmystearje leit him nei.

It gie by Abraham al oan,
want trije boaden brochten him
it blide boadskip, Sara mem,
it godsmystearje fan in soan.

Doe’t Jakob by de Jabbok wie,
kaam op dat plak in ingel oan,
dy’t mei him focht oant yn de moarn,
troch dat mystearje joech er rie.

Wie Bileam earst blyn foar ’t swurd,
hy seach de ingel krekt op tiid,
syn eachweid waard ynienen wiid,
it godsfolk frege ’t goede wurd.

It godsfolk gie de ieuwen troch
oant wer in ingel sweefde del,
it wie Gods gabber Gabriël,
dy’t syn mystearje ’t minskdom brocht.

It boadskip gie de ieuwen troch,
de ingel socht om ûnderdak
en fûn yn ’t minskehert syn plak,
dêr sprekt er fan ’t mystearje noch.

Sjoch ek: Religy Tsjinst ‘Wês wach’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum