Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Snoeidei

Polityk
PDF Print E-mail
It linksfront sei:
‘Wy meitsje ús foar ’t swakke sterk
en reizgje ôf út Uruzgan,
dêr wist it folk al jierren fan,
wy bliuwe leaver tichtby hûs,
gemeentes ha wy by de rûs,
o nee, net rjochts,
mar wol in fraksje frije merk.’

It rjochtsfront rôp:
‘De frijheid is ús hannelsmerk,
wy plúzje alle opsjes nei
om net út Uruzgan rap wei,
wy sjogge ’t grut, gean foar globaal,
lytsskalich is in oar ferhaal,
o nee, net links,
mar swak mei achteryn it perk.’

Image

It stimfolk fûn:
‘Wy snoeiers moatte oan it wurk,
want links en rjochts, in tizeboel,
sadat it boekebeamke foel,
wy kapje ús de hannen lam
mei ’t each op Fryslâns âlde stam,
dus FNP,
dy tûken rikke oant it swurk.’

admin

Wille om machten

Polityk
PDF Print E-mail
Image

It is as wie ’t út izer getten,
suver makke mei it wintersk wyt,
rjocht wizend hoe’t it stedske heil
dat yn de fierte stiet,
syn hichte hat yn wetten.

Noch stekke boppe ’t stedsfolk tuorren
foar de klokken mei sa let de rop
en yn ’t ferline mei de twang
sa net, dan is it op
it heil dat ivich duorre.

Mar hjoed de dei wurdt heil ferwachte
fan de grutte flakte yn it lân
fan Starum oant de haadstêd Snits,
want lytsens hâldt gjin stân,
komt om yn lege machten.

En sjoch, dêr tusken grûn en himel
hinget hy dy’t laket om wat stiet
as izer mei de pylk omheech,
want wêr’t it him om giet,
is wille om wat grimelet.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum