Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Seisstêden

Polityk
PDF Print E-mail
Image

It koe net oars, it moast der wol fan komme,
’t stedsje Snits wie fierste lyts,
twa doarpen wiene anneksearre,
mar noch altyd koe men ’t rêde op ‘e fyts,
dus waard it eachweid fan de stêd ferromme.

It earste wurd wie oan de pommeranten
mei it sicht op daliks grut,
’t idee feroare yn fiksaasje:
lit ús traapje de Mercedes op ‘e sturt,
dan jeie wy út Snits nei alle kanten.

It wurd waard wet, men koe der net omhinne,
streekrjocht gie it derop ta:
ferkiezings as ferdivedaasje,
yn it sirkus woe Snits eigen clowns earst ha,
dy soene grif de measte byfal winne.

It moat net oars, want lit ús earst ris telle:
mei seis stêden fierwei ien
en tachtich doarpen, heech wurdearre,
hat it stedsje Snits it wolris minder dien,
dat rûnom sille se it nijs fertelle:

Seisstêden, sa sil ús gemeente hjitte,
dat sil hiel de wrâld nea wer ferjitte.

admin

Paspoarte

Polityk
PDF Print E-mail
Image

Sil it út Sint Jansgea komme,
gea en doarp ferneamd nei Sint
Jehannes, hillich hiel de ierde oer,
yn ’t earst in sljochtwei hinne fint,
mar letter hat er ’t foartou nommen.

Sil it Chris van Hes dêr wêze
dy’t yn Fryslân ’t foartou nimt?
Want him is ’t Nederlânske byldmerk oer
dat elk ta Hollân foarbestimt,
hy wol yn ’t Frysk syn namme lêze.

Chris teach nei de boargemaster,
spuide galle op syn fest
fan ‘wettelijk is het een hele toer’,
mar wa’t oan wetten hat de pest,
bliuwt sljochtwei hinne kritikaster.

Christiaan, bekend fan namme,
paste by Jehannes goed,
bekeare soed er, by de Tsjonger oer
de wrâld yn mei it Fryske bloed
tsjoch op: ‘Dat komt te pas, ferjamme!’

Wa’t de kwestje lûkt yn ’t koarte
tinken, hat gjin perspektyf,
springt nea it Hollânsk Djip yn ien kear oer,
besjocht it wrâldferrin nayf,
want Frysk past yn de wrâld as poarte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum