Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Neat nijs

Polityk
PDF Print E-mail
It wie de Preker dy’t it melde:
‘Watfoar nijs is ûnder ’t sinneljocht,
de dagen binne swier fan ’t selde.’

Ben Ali, Moebarak, Gaddafi
brieken jierrenlang it folkerjocht,
in bloedhûn koe net better blaffe.

It folk moast bloed en oalje rûke,
beide like kliemsk op ’t skeinde fel,
mar ’t hat it westen sels net jûke.

It wie de Preker dy’t fertelde:
‘Watfoar nijs is ûnder ’t sinneljocht,
de dagen binne swier fan ’t selde.’

De farao kastijde slaven,
mar ’t wie Mozes dy’t foar útkomst focht
en ’t folk mei rjocht en frijheid lave.

Image
Ikoan fan Wasili Wasin

admin

Duo Egofyl

Polityk
PDF Print E-mail
Image

’t Wie noch yn febrewaris,
dat der foer gjin inkeld skip
troch Houkesleat of grêft,
dochs kaam de brêge yn de wip:
de finger fan de funksjonaris.

It gie doe troch my hinne
dat gjin frjemdling mocht deryn,
dus keare al dat folk,
want Fryslân is foar Sjoerd en Tryn:
gjin finger foar dy’t wy net kenne!

It wie lykwols in leagen,
dat gjin wip tsjin ‘Help Asyl’,
de brêge koe wer ticht:
sjedêr it duo Egofyl
mei ’t swarte balkje foar de eagen.

Image

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum