Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Berenike

Mytebylden

fan ûnbekend*



As in stjer, sa skitterjend
wie Berenike as prinses,
har skientme koe gjin grinzen,
rûnom rekke sy bekend.

Net allinnich stjer, as do
klapwjukke sy ek hegerop,
sy hold de trou yn tinzen,
troude mei de farao.

Doe’t har man op fjildtocht gie,
die Berenike in ûnthjit:
har hierlok as in offer
as hy einlings foar har stie.

Einlings kaam har skat werom,
dus knipte sy in hierlok ôf:
’t geskink foar Aphrodite,
foar de farao de rom.

As sân stjerren, skitterjend,
sa striele Berenikes lok
yn Coma Berenices,
’t stjerrebyld by elk bekend.

* Munt ‘Berenike’

 

admin

Bellerophon

Mytebylden

fan Peter Paul Rubens*

Bellerophon, soan fan god Poseidon,
gie it libben troch as held,
waard oan de ein in swalker,
it is it lêste wat dan telt.

Hy moast flechtsje, om’t er deade sûnder
sin Belleros, ’t ûngelok
hat him de rêst ûntnommen,
hy lade op him mannich flok.

Bellerophon koe miskien ûntkomme
oan de dea mei altyd striid
en holpen troch Pegasos,
it fleanend hynder wiid en siid.

Hy koe winne fan in fjurrich meunster,
naam fanwege laster wraak,
ferdronk in keninginne,
dat wie syn alderlêste taak.

Bellerophon mocht fan Zeus net komme
op ’e goadeberch, ’t wie út
mei him, net mei Pegasos:
in godlik hynder ta beslút.

* Peter Paul Rubens (1571-1640)
Skilderij “Bellerophon, Pegasos en Chimera’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum