Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Dareios

Mytebylden

fan ûnbekend*

Sân pretendinten foar de troan
fan Perzië… wa soe it wurde
wie de fraach… der wie gjin keningssoan,
gjin swurden waarden lutsen.

Sân hynders kamen út ’e stâl
noch foar it rizen fan de sinne;
joech in hynder lûd, it heart no mâl,
dan wie de kening keazen.

Dareios’ hynder wrinzge lûd
by ’t rûken fan syn leave merje,
foar syn ruter wie de keningsgroet
fan seis, dy’t fierder swijden.

De Perzen teagen yn de striid,
dy’t sy by Maraton ferlearen
fan de Griken, wat gie troch de tiid
as slach fan ’t hymjend draven.

Dareios joech gjin inkeld lûd,
lykas syn hynder net mear wrinzge.

* Ofbylding ‘Dareios/Darius I’

admin

Daphnis

Mytebylden

fan ûnbekend*

Hermes wie syn heit, in nimf syn mem,
in wûnderbern, dat wie gjin wûnder:
hoeder, dichter, spiler op ’e fluit,
op kreativiteit siet net in rem,
de Muzen fûnen him bysûnder.

Spyljen learde hy fan healbroer Pan,
de Panfluit koed er net mear sûnder
by syn keppel en somtiids op jacht
mei Artemis, hy wie in kreaze man
en die foar har skerp skot net ûnder.

Leafde joech er oan nimf Nomia,
hat har foar ivich trou ûnthjitten,
sjongend, dêrnei spyljend op syn fluit;
belofte jaan en dwaan, dat binne twa,
in keningsdochter  seach er sitten…

… net foar lang lykwols, want Nomia
sloech him it ljocht út beide eagen,
Hades liet al gau de bline ta.

Byld ‘Daphnis en Pan’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum