juli 13, 2019
Demeter, Zeus syn suster,
wenne by him op Olympos,
wie goadinne fan it nôt,
dat siedde waard oer hiel de wrâld,
wat kaam de folken goed fan pas.
Demeter, Zeus syn selskips-
dame, skonk him Persephone,
dy’t ûntfierd waard – net as breid –
troch Hades, tastimd hie har heit,
foar mem te pynlik, ’t wie te kru.
Demeter socht wol njoggen
dagen, reizge nei Eleusis,
’t hert waard har as balling kâld;
de ierde skonk net mear it nôt,
gjin folk wie fan ’t bestean noch wis.
Demeter seach har dochter
’t heale jier, lykas god Hades,
’t kaam sa ta in kompromis;
de wrâld wie fan it nôt wer wis:
yn twa seizoenen snijt it mes.
Byld ‘Demeter’
juli 5, 2019
fan Peter Paul Rubens*
Ien fan de trije generaasjes
mei deselde namme yn it ryk
fan Rome: Decius,
dy’t konsul en ek fjildhear wie,
grut wiene syn prestaasjes.
’t Gie tsjin de Kelten en Etrusken,
’t meunsterbûn oan Romes macht gelyk,
in slach foar Decius,
dy’t yn in dream wist wêr’t er stie,
hy kaam der stridend tusken.
De Kelten krongen fier nei foaren,
dat foar Decius wie gjin ûntwyk,
hy rôp de goaden oan,
woe dat hysels it offer wie
en sparre sa de oaren.
Syn heit en pakesizzer wiene
like moedich yn ’t Romeinske ryk…
har namme: Decius.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De dea fan Decius Mus’