Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Mainaden

Mytebylden

fan Albrecht Dürer*

Lit dy frouwen razend dûnsje,
want dan binne se op dreef,
gjinien mei harren imitearje,
skeld sa’n frou net út foar teef.

Dionysos lit har dûnsje,
god fan orgyen mei drank
en mear noch, net te permittearjen,
harkje net, falsk is de klank.

Panterfellen om de skouders,
yn gewaden oant de grûn,
sa ha sy oaren wreed tamtearre,
mei de stêf de klappen jûn.

Orpheus skuorden se yn stikken,
om’t er harren bûtensleat,
dus lit dy frouwen razend dûnsje,
moard op oaren wurdt dan neat.

* Albrecht Dürer (1471-1528)
Yllustraasje ‘De dea fan Orpheus’

admin

lykourgos

Mytebylden

fan Merry-Joseph Blondel*

As soan fan Sparta’s kening
seach er alle misse dieden oan,
it folk op strjitte hie de macht,
wie oan gjin wet of regel bûn,
stiek sels de kening nei de kroan.

Nei’t heit en broer fermoarde
wiene, wegere hy kroan en troan,
syn omkesizzer joech er ’t rjocht,
gjin wet of regel kriich dy rûn,
op strjitte bleau it machtsfertoan.

Lykourgos teach oer grinzen
hinne, kaam op ’t lêst yn Delphy oan,
kriich fan ’t orakel rjochte rie,
dat Sparta waard oan wetten bûn,
hysels is yn de frjemdte stoarn.

* Merry-Joseph Blondel (1781-1853)
Skilderij ‘Lykourgos’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum