juli 30, 2021
fan Jacob Jordaens*
fan ûnbekend**
Lit de Satyrs en Silenen
’t spul mar spylje fan jûchhei:
‘Hoera foar Dionysos,
mei syn nimfen dûnset hy.’
Satyrs mei har bokkepoaten,
lange earen en in sturt,
ha altyd nocht oan ûnnocht,
plichtsbesef… hat dat wol nut?
Jou Silenen mar de romte
om frijút te fjouwerjen
as hynders, sy ha nocht oan
Dionysos’ leave bern.
Lit de Satyrs en Silenen
mei de nimfen dûnsje yn
de nacht op, Dionysos
soarget foar de swiete wyn.
* Jacob Jordaens (1593-1678)
Skilderij ‘In satyr’
** Byldsje ‘Silenen’
juli 23, 2021
fan Eugène Delacroix*
Sardanapallos
of Assurbanipal,
de kening fan Assyrië,
seach syn ryk en rykdom yn ferfal,
hy libbe doe der mar op los.
’t Haremlibben nea
tefolle, mar genôch
belibbing mei in frou of man,
seks en leafde, mear as dûbelop
foar Sardanapallos syn lea.
Wêrom soe in foarst
net drage ’t frouwekleed?
It hof spriek dêr gjin skande fan,
Sardanapallos, biseksueel,
hy miste noch it frouweboarst.
Koe de liifwacht ’t liif
fan Sardanapallos
beskermje… wie er man of frou?
Foar dat folk wie doe de mjitte fol,
’t rûn op rebûlje út tsjin ’t wiif.
Sardanapallos
of Assurbanipal,
de kening fan Assyrië
stiek de brân deryn, ta jiske waard
syn liif, it hof wie ek de klos.
* Eugène Delacroix (1798-1863)
Skilderij ‘De dea fan Sardanapallos’